Slachtoffer deadlik auto-ûngelok Kollumersweach man fan 18 út dat plak
It slachtoffer fan it deadlike auto-ûngelok sneintemoarn yn Kollumersweach is in 18-jierrige man út it doarp.
De man wie oan de Triemsterloane tsjin in beam botst. By oankomst die bliken dat de auto yn de brân stie. Doe't de man út de auto helle waard, wie er al ferstoarn.
Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend. De plysje hat de saak yn ûndersyk.