SC Cambuur nei Jong Ajax: "Ze nemen veel risico, maar zijn wel eens overmoedig"

01 apr 2019 - 09:35

Nei it nipte ferlies freed tsjin Almere City, stiet de folgjende wedstriid foar SC Cambuur moandei al wer op it programma: Jong Ajax út. De Ljouwerters stride mei acht klups om in plak yn de play-offs.

It stiet sa ticht byinoar dat de situaasje der elke wike oars útsjocht. In tombola dêr't de punten yn dizze faze wol hieltyd fan grutter belang wurde.

Snein op de training wienen der by ferskate spilers noch wat 'pyntsjes'. Trainer René Hake koe dêrom noch net in opstelling jaan. "We moeten overleggen met de medische staf. Ik kan moeilijk voorspellen wie wel en niet fit is."

Van Kippersluis is noch altyd siik. Daan Boerlage is freed mei in knibbelblessuere út de wedstriid kaam en kin ek net spylje. Ek Van Koesveld is noch altyd blessearre.

De ferlerne wedstriid fan freed is sa'n bytsje it ferhaal fan Cambuur dit seizoen. It giet op en del. Hake: "Maar wij hebben vrijdag de eerste 20 minuten prima gespeeld. Helaas scoren we niet en dan komt de wedstrijd in evenwicht en dan is het moeilijk die nog naar je toe te trekken."

Moandei wachtet Jong Ajax. It is altyd ôfwachtsjen hokker spilers oft dêryn opsteld wurde. Hake oer Jong Ajax: "Het is een voetballende ploeg. Ze nemen veel risico en daar hebben ze de kwaliteit ook voor. Maar ze willen ook nog wel eens overmoedig zijn. Dan komen er ruimtes, waar wij effectief iets mee moeten doen."

De play-offs halen is geen doel op zich, de play-offs winnen wel.

René Hake, trainer SC Cambuur

Yn de tombola dy't de earste difyzje is, falt it net ta om de play-offs te heljen. Hake: "Er zijn heel veel ploegen die hetzelfde meemaken als wij. Ik kan wat dat betreft wel acht collega's de hand schudden. Het is wat een 'heen en weer'-verhaal. De play-offs halen is geen doel op zich, de play-offs winnen wel. Maar daarvoor moeten we nu eerst wel wedstrijden winnen."

(advertinsje)