Noch ien kear de Ofslútdyk oer foar't it fytspaad ôfsluten wurdt

In soad minsken binne snein mei de fyts oer de Ofslútdyk gien. By Koarnwertersân wie it sneintemoarn al in stik drokker as oars. Minsken stapten oan beide kanten fan de dyk op de fyts, mar der wiene ek guon dy't kuieren of op skeelers hinne en wer giene.
Noch ien kear de Ofslútdyk oer foar it sluten fan fytspaad
Der wiene in soad freoneploegen, mar ek bytiden hiele famyljes. Snein is it foarearst foar it lêst dat je op de fyts de Ofslútdyk oer kinne. It fytspaad giet trije jier ticht yn ferbân mei de fersterking en fernijing fan de Ofslútdyk. Dat hat wol foar wat konsternaasje soarge. Yn de Twadde Keamer binne fragen steld oer de ôfsluting.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries