UPDATE: Harkyt (28) slim ferwûne by botsing tsjin beam by Surhuzum

31 mrt 2019 - 14:41

By in iensidich ûngelok op It Langfal by Surhuzum is sneintemoarn om sawat 11 oere in 28-jierrige man fan De Harkema slim ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak is syn auto tsjin in beam botst.

Foto: De Vries Media

De dyk wie ôfsletten foar it ferkear. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Surhuzum
(advertinsje)