PietCast #18 oer in mediastoarm: Piet drinkt kofje mei nasjonale omropbazen

31 mrt 2019 - 09:29

It waar is ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar minsken dy't mear witte wolle as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast: In podcast mei waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons.

Foto: Omrop Fryslân

De nijste PietCast giet net allinne oer de ferwachting foar de earste wiken fan april, mar ek oer kofje. Der binne nammentlik in protte mediabazen dy't mei Piet kofjedrinke wolle, neidat dúdlik waard dat er ophâlde sil by de lanlike telefyzjestjoerder SBS.

PietCast #18

Wim freget ek oan Piet hoe't er tinkt oer de útslach fan de wetterskipsferkiezingen. Oer drûchte, oer it delslachtekoart en oer it grûnwetterpeil. Want dat sjogge jo net mei it bleate each.

Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. De mailboks fan Wim Brons stiet altyd iepen.

De PietCast is te finen iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)