Fries om utens Marko van der Wal bêste oersetter gedicht Eeltsje Hettinga

31 mrt 2019 - 08:36

Marko van der Wal hat de priis wûn foar de bêste oersetting fan it Frysk nei it Nederlânsk. Van der Wal dy't yn 1989 yn Ljouwert berne waard, hat it gedicht 'De redens fan it wurd' fan Eeltsje Hettinga 'hast perfekt' oerset, sa makke de sjuery sneon op de Fryske literêre jûn bekend dy't de ôfsluting foarme fan de Boekewike en de Moanne fan it Fryske boek.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"De winnende versie is niet alleen uiterst leesbaar maar ook heel goed voor te dragen, zoals het origineel." Van der Wal dy't redakteur is by literêr tydskrift Tirade en wurket by útjouwerij Van Oorschot, wie net by de útrikking yn de âlde synagoge yn Ljouwert oanwêzich.

It is foar it earst dat der in wedstriid hâlden waard om Frysk oer te setten nei it Nederlânsk. Der diene 69 dielnimmers mei. De sjuery fertelde sneon dat se "veel inventieve vondsten hebben gezien. Maar vrij vertalen is iets anders dan met een gedicht aan de haal gaan. We vonden lang niet alle oplossingen recht doen aan de sfeer, de nauwgezette techniek en de betekenis van het originele gedicht van Eeltsje Hettinga", sei Marleen Nagtegaal fan de sjuery.

Uteinlik bleaunen fjouwer oersetters oer dy't neffens de sjuery "het originele gedicht met respect en begrip van inhoud en vorm hebben behandeld." Marko van der Wal wie de bêste. "Het secuur aanhouden van het juiste ritme heeft de vertaler niet weerhouden mooie, passende woordkeuzes te maken, dus geheel recht doen aan de sfeer en de betekenis van het gedicht: geen gemakkelijke opgave." Van der Wal krijt 250 euro en syn winnende oersetting sil publisearre wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De schaatsen van het woord

Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs

in kathedralen en de handen van de meiden

op de grote wintervlaktes van de rivier.

Veren vindt de wind in nacht zijn gezicht

zoals haar wezen, onder het tij verdwenen,

vorm krijgt in beelden van het gedicht -

het vers dat niet houdt: de schaatsen van het woord,

het gewicht van al wat aan verlangen leeft,

o, zwaarder is dan de taal die zich bewijst

als verraderlijk - eennachtsijs, breekbaar en

niet te vertrouwen, dat nooit de lading dekt

van wat gang wil maken, plaats ook, voor

haar, daar achter de schemering van de rivier.

Wind vindt zijn gezicht in veren op het ijs.

Al wat van haar is, is de slag die ik mis.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De literêre jûn wie de ôfsluting van de Boekewike en de Moanne fan it Fryske boek. Spesjale gast yn Ljouwert wie Jan Siebelink dy't dit jier it boekewikegeskink skreaun hat. It is yn it Frysk oerset troch Jetske Bilker ûnder de titel Jas fan belofte. Siebelink koe de Fryske ferzjy sels net lêze, mar har syn goede freon Pieter Verhoeff frege om dat foar him te dwaan. "En die vertelde mij dat het een mooi verhaal geworden is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)