"Het was wel een beetje onverdiend, maar hij viel geweldig binnen"

31 mrt 2019 - 00:40

Hearrenfean hie de winst tsjin Excelsior eins net fertsjinne. Dat seit Pelle van Amersfoort. Yn de lêste minuten makke hy de iepeningstreffer. "Hij viel wel geweldig binnen."

Foto: www.orange-pictures.nl

Van Amersfoort krige dizze wike te hearren dat de klup syn kontrakt net ferlingje wol. Dat hie sneon gjin negatyf effekt op syn motivaasje: "Ik probeer altijd mijn best te doen. Heerenveen is een geweldige club, maar ik wil spelen, en ben ook wel toe aan iets nieuws. Een club in het buitenland sluit ik niet uit."

Yn de tolve minuten dat er op it fjild stie, wie van Amersfoort krúsjaal foar Hearrenfean. "Geweldig! Invallen, in de 90e minuut scoren en dan 1-0 winnen. Een heerlijk gevoel."

"Het was een prachtige voorzet, over de grond. De bal ging de verre hoek in, via de paal. Ik twijfelde nog wel even. Ik dacht: Als die er nu uit gaat dan word ik laaiend."

"We meie derfan genietsje"

Doelman Warner Hahn hie ek in belangryk oandiel yn de oerwinning. "We hebben de nul gehouden, we scoren en we pakken thuis een overwinning. Dat zijn dingen die niet zo vaak voorkomen", seit er laitsjend. "We mogen er van genieten. Dat hebben we denk ik ook wel even nodig."

"We willen omhoog kijken. Dan heb je niks aan gelijkspelletjes." Dat de winst net echt fertsjinne wie, makket de bliidskip net minder. "Dit mag ook wel eens een keertje."

De folgjende wedstriid foar Hearrenfean is tongersdeitejûn, tsjin de oare Rotterdamse ploech. Dan spilet Hearrenfean yn de Kuip tsjin Feyenoord.

(advertinsje)