UNIS Flyers fine Waterloo by Herentals yn België: de striid om it kampioenskip is oer

30 mrt 2019 - 23:13

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe de striid om it kampioenskip yn de BeNeLeague ferlern. Herentals wie mei 4-0 te sterk. De Flyers hiene winne moatten om kâns te hâlden op de titel. Herentals wint de beslissende searje mei 3-1 en pakt foar de twadde kear yn de kluphistoarje de BeNeLeague-beker.

De UNIS Flyers setten sterk útein mei in soad druk en in tal goede kânsen. De goal foel lykwols oan de oare kant.

Fia in messkerpe counter nei njoggen minuten kaam Herentals op foarsprong. Vincent Morgen bruts út en makke de iepeningstreffer: 1-0.

Yn de earste de bêste powerplay foar Herentals dielden de Belgen in mokerslach út. Mei in man mear skoarde Morgen fiif tellen foar de ein de 2-0.

Al gau nei it begjin fan de twadde perioade waard it 3-0. De oanfallers fan Herentals brutsen de ferdigening fan de Flyers hielendal iepen, en Ben Coolen koe it rêstich ôfmeitsje.

Alles of neat

Yn de tredde perioade gongen de Flyers noch fol yn de achterfolging. Mar it wie te let en ek net effektyf. Morgan makke der sels noch 4-0 fan. Troch it ferlies is HYC Herentals de nije kampioen fan de BeNeLeague. Foar de Flyers bleau it sulver oer.

Winst yn de BeNeLeague hie it seizoen fan de Flyers noch goedmeitsje kind, neidat se earder útskeakele waarden foar it lânskampioenskip. Neffens coach Mike Nason hie it winnen fan de BeNe-League de moaiste priis west.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)
(advertinsje)