Jimmy Tuinstra (18) pakt punten op WK iisspeedway op Thialf

30 mrt 2019 - 23:03

De 18-jierrige Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum hat seis punten pakt op de earste dei fan it wrâldkampioenskip iisspeedway op Thialf. Dêrmei stiet er no op it alfde plak.

Jimmy Tuinstra - Foto: Martin de Jong

Ferline wike debutearre Tuinstra op it heechste nivo. Doe pakte hy fjouwer punten.

Njonken Tuinstra is der noch in Fryske dielnimmer op it WK. Dat is Simon Reitsma (48) fan De Westhoeke. Reitsma kaam sneon ek op it iis, mar hy pakte gjin punten.

De Friezen dogge op it WK net mei foar de prizen. Yn de top trije steane allegearre Russen. Koereur Daniil Ivanov stiet nei sneon op it earste plak. Snein is de lêste dei fan it WK op Thialf.

(advertinsje)