Van Amersfoort sjit Hearrenfean nei swierbefochten winst

Sportklup Hearrenfean hat sneonteûn wûn fan Excelsior, al duorre it yn it eigen Abe Lenstrastadion oant de lêste minút foardat de Friezen in doelpunt makken.
© ANP
Mei noch sân wedstriiden te gean is SC Hearrenfean dwaande mei in einsprint. Sûnt de winterstop sette Hearrenfean in goede rige del, oant twa wiken lyn, doe't de klup ferlear fan De Graafschap.
Om mei te dwaan om de play-offs foar Europeesk fuotbal, moast Hearrenfean in goed resultaat delsette tsjin Excelsior.

Oanfallend begjin

De Feansters gongen fuortendaliks yn de oanfal en dat soarge al gau foar kânsen. Yn de fjirde minút helle Ben Rienstra yn de sechtjin meter út, mar it skot waard parearre.
Yn de fiif minuten dêrnei wiene der twa kopkânsen foar spits Sam Lammers, mar hy koe de foarsetten fan Jizz Hornkamp en Dennis Johnsen net fersulverje.
Wer in kertier letter dribbele Lammers rjochting Excelsior-keeper Alessandro Damen, dy't Lammers de bal pas op it lêste momint foar de fuotten weigripe koe.

Kânskes oer en wer

Healwei de earste helte kaam Excelsior better yn de wedstriid. De besikers krigen ek wol kânskes, maar it waard net hiel gefaarlik foar keeper Warner Hahn.
SC Hearrenfean krige krekt foar it skoft noch in goede kâns mei in frije trap fan Stijn Schaars. De bal kaam op de holle fan oanfierder Daniel Høegh, mar hy rekke de latte. De rêststan wie dus 0-0.
Daniel Høegh © www.orange-pictures.nl
Krekt nei it skoft wie it op 'e nij Høegh dy't gefaarlik wie. Hy helle út nei in corner, mar it skot waard keard troch doelman Damen. Even letter moast ek Hahn rêding bringe, hy koe in ôfstânsskot fan Thomas Oude Kotte mar krekt pakke.
Excelsior waard sterker en sterker. Yn de 64e minút ûntsnapte Hearrenfean oan in penalty. Lucas Woudenberg krige yn it eigen strafskopgebiet de bal tsjin de earmtakke, mar de VAR fûn it net genôch foar in penalty. Trije minuten letter besocht Mikael Anderson it, mar dat skot wie in proai foar Hahn.

Lette iepeningsgoal

Pas yn de 90e minútt wist Hearrenfean de iepeningstreffer te meitsjen. Pelle van Amersfoort krige de bal fan Lucas Woudenberg en pleatste de bal, fia de peal, yn it doel.
Ferslachjouwer Arjen de Boer koe it hast net leauwe.
Arjen de Boer docht live ferslach fan de 1-0
Nei it doelpunt wie de wedstriid sa goed as dien. Excelsior besocht it noch ien kear, mar dat rûn op neat út.
De folgjende wedstriid foar Hearrenfean is tongersdeitejûn, tsjin de oare Rotterdamse ploech. Dan spilet Hearrenfean yn de Kuip tsjin Feyenoord.
SC Hearrenfean - Excelsior 1-0 (0-0). 89. Pelle van Amersfoort 1-0.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Schaars (78/ Van Amersfoort), Vlap (87/ Kobayashi), Van Bergen (61/ Mihajlovic), Lammers, Johnsen.