Basketballers fan Aris kânsleas ûnderút tsjin Apollo yn Amsterdam
De basketballers fan Aris hawwe sneon yn Amsterdam kânsleas ferlern fan Apollo. It waard 88-59 yn it foardiel fan de thúsploech.
Nei it earste kwart kamen de Amsterdammers op in foarsprong fan 25-12. Se holden de oermacht fêst. Mei de rêst wie it 54-24.
Nei trije kwart wie it 70-41. Yn it lêste kwart wie it skoareferskil it lytst, mar foar de einstân makke dat neat út. It waard 88-59.