"Der siet wat fêst" by in brêge yn de Ofslútdyk, en dêrom woe er net mear ticht

30 mrt 2019 - 22:03

Auto's kinne net earder as yn de rin fan sneintemoarn wer oer de noardlike brêge ride by de Stevinslûzen by Den Oever. Dat meldt Rykswettersteat.

Foto: ANP

Saterdeimiddei ûntstie der in file op de Ofslútdyk trochdat de brêge net mear ticht woe. Nei sa'n trije kertier koe it ferkear rjochting Noard-Hollân oer de súdlike brêge ride, dêr't normaal allinne it ferkear nei Fryslân oerhinne rydt.

Dat saneamde 2.0-systeem bliuwt yn alle gefallen oant yn de rin fan de sneintemoarn yn wurking, seit wurdfierder Sylvia de Bres fan Rykswettersteat.

De steuring soe yntusken wol ferholpen wêze. Der siet wat fêst, en dertroch woe de brêge net mear ticht, seit De Bres. "Dat hebben we gesmeerd, en nu loopt het weer gesmeerd."

Steuring kaam net troch temperatuerferskil

Earder wiene der problemen mei de brêgen op de Ofslútdyk trochdat se krom lutsen as it temperatuerferskil tusken it waarme asfalt en it kâlde wetter te grut waard. Dat wie no net sa, seit De Bres.

It liket derop dat dit spesifike probleem foarby is, no't der in automatysk koelsysteem op de brêgen oanbrocht is. De Bres neamt it "frappant" dat der mei de drûchte fan fan 't simmer gjin steuringen west ha, ek al wie it tige waarm. "En de brug bij Den Oever tordeerde sowieso al amper. Dat is nu ook niet het geval geweest."

Wachtsje op in fytsevenemint

Rykswettersteat wol earst in saneamde proefdraaiing dwaan mei de brêge by Den Oever, foardat de auto's der wer oerhinne meie.

Rykswettersteat wachtet mei de proefdraaiing oant de fytsers dy't oankundige ha dat se fan Den Oever nei Koarnwertersân fytse wolle, oer de brêge hinne binne. Mear as hûndert minsken ha sein dat se meifytse sille. Snein is de lêste kear dat it kin.

Fan moandei ôf kinne fytsers net mear oer de hiele Ofslútdyk hinne fytse, omdat in part fan it fytspaad dan ôfsletten wurdt foar ûnderhâldswurksumheden. Dy kinne wol jierren duorje.

Sneon wie it ek al drok mei fytsers op de Ofslútdyk. It wie waarm, de sinne wie der by, en der wie mar in bytsje wyn. Tsientallen minsken profitearren dêrfan.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
Ofslútdyk brêgen
(Advertinsje)
(Advertinsje)