Ljouwerter postboade bestellen fan fytstas mei brieven der noch yn

30 mrt 2019 - 20:57

In postboade is sneontemiddei yn Ljouwert bestellen fan in fytstas, dêr't noch brieven yn sieten. Dat meldt de plysje.

In postboade oan it wurk - Foto: ANP

De stellerij wie sneontemiddei om 14:00 oere hinne, oan de Nijekade yn Ljouwert. Neffens de plysje giet it om in fytstas fan PostNL, mei meardere soarten poststikken der noch yn.

De plysje is op syk nei tsjûgen. Minsken dy't in fytstas fan PostNL lizzen sjogge, wurde ek frege om har te melden.

Trefwurden: 
plysje PostNL postboade
(Advertinsje)
(Advertinsje)