ONS Snits ferliest yn ekstremis fan Noordwijk

30 mrt 2019 - 20:42

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneon yn ekstremis ferlern fan Noordwijk. Yn de ferlinging makke dy ploech sneontemiddei de winnende 2-1. Frits Dantuma skoarde foar ONS.

Frits Dantuma (rjochts) yn duel mei Tjeerd Westdijk - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn Noordwijk hiene de Snitsers fuort oan it begjin fan de wedstriid in goede kâns om op foarsprong te kommen, mar it skot fan Martijn Barto wie in proai foar de keeper.

Tsien minuten letter skoarde Noordwijk, trochdat Nick van Staveren in foarset binnenkopte. Noordwijk wie dêrnei better, mar dochs koe ONS op likense hichte komme troch in goal fan Frits Dantuma.

Lette kânsen

Yn de twadde helte wiene de ploegen oaninoar weage. Yn de 87e minút krige ONS in grutte kâns op de oerwinning, mar it skot waard fan de line helle.

Even letter fleach de bal der oan de oare kant wol yn. Yn de absolute slotfaze bepaalde Noordwijkspiler Tjeerd Westdijk einstân op 2-1.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)