Harkemase Boys komt net fierder as in lykspul tsjin Jong FC Grins

30 mrt 2019 - 20:38

Harkemase Boys hawwe lyk spile tsjin Jong FC Grins. Op sportpark De Bosk waard it sneon 1-1. Harkemase Boys kaam troch in goal fan Jesse Renken op foarsprong. Michael Breij soarge foar de lykmakker.

Jesse Renken en Berwout Beimers nei de 1-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

Harkemase Boys kaam al binnen tsien minuten op foarsprong. Pier Veldman waard yn de achtste minút yn it strafskopgebiet ûnderút helle. Jesse Renken skoarde út de penalty dy't dêrút folge: 1-0. Harkemase Boys besocht dêrnei it gat te fergrutsjen, mar kaam net fierder as kânskes út de counter.

Yn de 36e minút kamen de Grinzers op likense hichte, want doe sette Michael Breij de 1-1 op it skoareboerd.

Harkemase Boys spylje oanfallend

Nei it skoft gong Harkemase Boys opnij yn de oanfal. Mei ûnder oaren Pier Veldman, Jesse Renken en yn de lêste minuten ek Henny Bouius kamen de Friezen wol tichtby, mar dat wie net genôch foar de oerwinning.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)
(advertinsje)