Jan Fennema fan Feanwâlden: in tiidrit fan intensive care nei earepoadium

Jan Fennema fan Feanwâlden is berne mei in ôfwiking oan de lever. Op syn fiifde jier stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplaasje gjin kâns hie te oerlibjen. No wint er prizen as hurdfytser.
Jan Fennema © Omrop Fryslân, René Koster
Doe't Jan fiif jier âld wie, tochten se dat er hast oan bar wie foar in nije lever. Mar foardat de lytse Jan dy krije koe, sloech it needlot opnij ta. Wylst mem him op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto.
Jan bedarre op de intensive care fan it UMCG yn Grins en heit en mem kamen sels foar de drege beslissing om de stekker der al as net út te lûken.
Jan Fennema (5) yn it UMCG © famylje Fennema
Mei in soad godsfertrouwen waard keazen om it dochs noch in skoftsje oan te sjen. Op wûnderbaarlike wize kamen lichemsfunksjes werom en krige Jan lang om let ek noch in donorlever.
We binne no 20 jier fierder, en no wint Fennema prizen as hurdfytser. Hy helle goud op de European Transplant Games en letter dit jier docht er sels mei oan de World Transplant Games.
Dochs set Jan him net allinnich yn foar syn eigen sportive doelen. Hy freget as ambassadeur ek omtinken foar de needsaak fan orgaandonaasje en foar it wurk dat se op dat mêd dogge by it UMCG. Syn eigen Stichting Overlever moat dêrby helpe.
It radioprogramma Buro de Vries hie snein 31 maart in dokumintêre dêr't Jan syn ferhaal yn fertelt.
Op sneon 20 april hat de stichting in evenemint yn Fryslân: in fytstoertocht ûnder de namme "Overlevertocht" oer 20, 46 of 90 kilometer, mei Damwâld as start- en finishplak.