Net ferjitte: de klok moat in oere foarút

30 mrt 2019 - 23:55

Stipt om twa oere, yn de nacht fan sneon op snein, giet de klok in oere foarút. De simmertiid giet yn. We sliepe dan in oerke minder.

Foto: ANP

It liket derop dat der úteinliks in ein komt oan it fersetten fan de klok elts heal jier. In mearderheid fan it Europees Parlement wol der fanôf, en as it in bytsje kin yn 2021 al.

De EU-lidsteaten kinne dan sels bepale oft se oergeane op in simmer- of wintertiid foar altyd. It parlemint hat wol in útstelklausule oannaam om foar te kommen dat der in wirwar fan ferskate tiden ûntstiet.

Hoe siet it ek mar wer mei dy simmer- en wintertiid? Tsjek socht it út.

Trefwurden: 
klok simmertiid
(advertinsje)