Blauwe blomkes op âld-Thialf steane folwoeksen reedriders yn it paad

30 mrt 2019 - 19:14

Allinne as der reinwetter leit, kin der winterdeis riden wurde op it plak dêr't eartiids de iisbaan fan Thialf wie. En sels dan wurdt der allinne noch mar wat krabbele, troch de bern. Dat moat oars, fine omwenners.

Se wolle dat it krabbelbaantsje wer in offisjele iisbaan wurdt, dêr't folwoeksenen ek op ride kinne. Mar dan moat der wol earst wetter op pompt wurde. "En dan lopen we tegen dingen aan waar ecologen wat van vinden", seit Ben Takkenberg. Hy is ien fan de omwenners, en sit ek yn it wykbelang.

In lyts blomke stiet de plannen yn it paad. De blauwe klokjesgentiaan. "Die is heel bijzonder. Het is dus nog maar de vraag of we onze plannen kunnen verwezenlijken."

Der wurdt no oer praat. "En ik heb er alle vertrouwen in dat het goed komt."

Kontoeren fan in unike baan

Eartiids stie Thialf oan de noardkant fan It Hearrenfean, flakby it klaverblêd. No binne allinne de kontoeren fan de âlde baan noch te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

"Het is een stukje historie, dat we in onze wijk hebben liggen, en daar moeten we trots op zijn", seit Takkenberg. "Thialf was van de eerste ijsbanen van de wereld waar internationale wedstrijden zijn geschaatst. Dat was rond 1890."

Takkenberg fynt dat minsken de histoarje sjen kinne moatte, as se yn de buert binne. Dêrom soe der in ynformaasjeboerd komme moatte. "En wat mij betreft mag daar dan ook een verhaal over de blauwe kokjesgentiaan op komen te staan."

Foto: CC Wikimedia Commons
Trefwurden: 
Hearrenfean Thialf
(advertinsje)