Universiteit ûndersiket effekt fan kontenerplestik op seelibben

30 mrt 2019 - 19:05

Der komt in grut ûndersyk nei de effekten fan de lytse stikjes plestik út de konteners dy't begjin jannewaris fan konterskip MSC Zoe oerboard slein binne. Dat meldt Nieuwsuur.

Foto: ANP

Yn opdracht fan it Ministearje fan Lânbou sille spesjalisten fan Wageningen University & Rsearch (WUR) meardere ûndersiken dwaan.

De earste ûndersiken binne al begûn, seit koördinator Martin Baptist fan Wageningen Marine Research by Nieuwsuur. "De overheid is bezorgd."

"Er is een ramp gebeurd met de MSC Zoe. Heel veel containers zijn in zee gekomen, met heel veel voorwerpen, waaronder plastics."

Detectivewurk mei tûzenen fisken

De ûndersikers sjogge ûnder oare nei de mokselbanken yn de Waadsee. En by deade bisten sjogge se oft se plestik yn it liif ha. Se krije it kommende jier sa'n 9000 fisken fan fiskers dêr't se mei gearwurkje.

Foto: NOS

De ûndersikers sykje yn de fisken nei in spesjaal type plestik, seit Baptist.

"Er is bij de MSC Zoe sprake van een halve millimeter grote microbeads die nog moeten worden opgeblazen tot piepschuim. Als je die vindt, dan is de kans groot dat ze van de Zoe afkomstig zijn."

"Zo doen we een stukje detectivewerk om te kijken of de plastics die we vinden zijn te herleiden tot de Zoe."

"Kerrels kinne noait opromme wurde"

Skiermûntseach is ien fan de eilannen dêr't ôffal út de seekonteners oanspield is. Wie dat yn de earste moannen benammen grut guod, lykas túnstuollen, boartersguod en auto-ûnderdielen, no hat it eilân te krijen mei miljoenen plestik kerrels.

Boskwachter Cynthia Borras rydt eltse dei oer it strân om ôffal op te romjen. "Maar hoe moet je die kleine korreltjes opruimen? Zelfs met een pincet is dat onmogelijk."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
plestik MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)