FIDEO: Natoerbehearders ha hannenfol wurk troch kontenerrommel

Trije moannen nei de kontenerramp mei de MSC Zoe spielt der noch alle dagen guod oan op de Waadeilannen.
De kollega's fan Nieuwsuur wiene op Skiermûntseach. Dêr die bliken dat de natoerbehearders de hannen der noch hieltyd fol oan ha. Fûgels soene de plestikkerrels opite.
De boskwachter fan Skiermûntseach
De oerheid lit in grut ûndersyk dwaan nei it effek dat it plestik op it seelibben hat. Under oaren Wageningen University & Research (WUR) sil yn opdracht fan it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Voedselkwaliteit, ferskate ûndersiken útfiere.
By de ramp mei de MSC Zoe binne twa konteners mei gefaarlike stoffen oerboard slein. Ien dêrfan is freed oantroffen, sân kilometer boppe de Dútske kust. In bergingsbedriuw moat noch útsykje hoe't dizze kontener feilich burgen wurde kin.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.