Yn ien minút wint Sanne Vermeer goud by GP yn Georgië

30 mrt 2019 - 17:39

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat in gouden medalje wûn by de grand prix yn Georgië. Yn de klasse oant 63 kilogram wie se de aldersterkste.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de finale wûn Vermeer fan Geke van den Berg. Dy lei binnen ien minút yn de houtgreep. En by de heale finale en de kwartfinales makke Vermeer ek gau dien wurk. Yn dy beide wedstriden stie se yn totaal mar 46 sekonden op de matte.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(Advertinsje)
(Advertinsje)