Fytser swierferwûne nei oanriding mei motor by Bûtenpost
By Bûtenpost is in motorrider yn botsing kaam mei in fytser. De fytser soe dêrby swierferwûne rekke wêze.
In ûngelok barde sneontemiddei op de Parallelwei. Dy dyk is troch de plysje ôfsletten foar it ferkear.
De fytser is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De motorrider soe net ferwûne rekke wêze. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.