Ferkear op Ofslútdyk hat lêst fan brêge dy't net ticht wol

30 mrt 2019 - 17:40

Ien fan de brêgen yn de Ofslútdyk wol net mear ticht. Dat meldt Rykswettersteat. It giet om de noardlike brêge by Den Oever. Ferkear yn de rjochting fan Noard-Hollân hat dêr lêst fan.

Guon minsken melde dat se trije kertier stil stil stien ha. Yntusken wurdt it ferkear omlaat oer de súdlike brêge.

In wurdfierder fan Rykswettersteat koe net sizze wat der mis is mei de brêge by Den Oever. Earder wiene der problemen mei de brêgen yn de Ofslútdyk trochdat se útsetten as se te waarm waarden. In automatyske kuolynstallaasje soe dat foarkomme moatte.

Trefwurden: 
brêge Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)