HEA! Wurk by de deibesteging is nea saai
Op De Rottefalle helpt Kees Olga yn 'e tún mei it te plak lizzen fan swiere stiennen. Neffens Olga docht er dat omdat de kamera fan HEA! derby is. Olga begeliedt Kees op de deibesteging en middeis sille se in eintsje te fytsen. Kees hat tsien jier net op in fyts sitten, dus dat wurdt spannend.