Subsydzjeregeling foar werstel lânskip houtwâlen en singels
Op fjouwer plakken yn Fryslân kinne grûneigeners harren oanmelde foar de subsydzjeregeling foar it werstel fan it lânskip. It giet om gebieten mei houtwâlen en singels yn De Noardlike Fryske Wâlden, Súdeast-Fryslân, op Skylge en om Sint-Nyk hinne.
Werving foar herstel lânskip
Belangrike betingsten binne: it moat grinzje oan lânbougrûn en der moat in behearkontrakt komme. Gadingmakkers kinne boeren wêze, mar ek partikulieren en bygelyks tsjerken mei grûn yn besit.
De provinsje en de EU hawwe dêr jild foar beskikber steld. Der is in kaart makke mei gebieten mei de saneamde 'drûge trochadering.' Landschapsbeheer Fryslân en de agraryske natuerkollektiven binne dwaande mei it systematysk beplantsjen en snoeien fan beammen om sa it bioferskaat te fergrutsjen. Mear fûgels en bisten, flinters en oare ynsekten. It rint noch oant en mei 2022. Neidiel is dat de budzjetten foar it fierdere behear fan de wâlen en singels op dit stuit oant 2021 op binne.