Nyck de Vries einiget as sechsde yn earste Formule 2-race fan it seizoen yn Bachrein

30 mrt 2019 - 13:13

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is yn syn earste race fan it seizoen as 6e einige yn de Formule 2. Op it sirkwy fan Sakhir yn Bachrein ried De Vries efkes oan de lieding, mar yn it twadde part fan de race kamen der noch fiif konkurrinten foarby.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

De oerwinning yn de earste race fan de talinteklasse fan de Formule 1 gie nei de Kanadees Nicholas Latifi. De Italiaan Luca Ghiotto einige as twadde en de Braziliaan Sérgio Sette Câmara waard tredde. Snein is de twadde race. Nyck de Vries mei dan as tredde begjinne.

(advertinsje)