FIDEO: IIsspeedwayers Jimmy Tuinstra en Simon Reitsma yn aksje

30 mrt 2019 - 17:38

Twa Fryske dielnimmers freedtejûn oan de Roelof Thijs Bokaal. De beker foar benammen talinfolle iisspeedwayers of iisspeedwayers dy't krekt net goed genôch binne foar dielname oan it WK. We folgen de krekt 18-jierrige Jimmy Tuinstra en de 48-jierrige Simon Reitsma. Tuinstra is de soan fan âld-iisspeedwayer Johnny Tuinstra. Hy komt fan Tsjummearum. Reitsma fan De Westhoeke docht foar de lêste kear mei en begeliedt folgjend seizoen syn 12-jierrige soan.

FIDEO: iisspeedwayers Jimmy Tuinstra en Simon Reitsma yn aksje-2

(Advertinsje)
(Advertinsje)