Resinsje: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers...

Fryslân brûst op it mêd fan kultuer mear as ea. Ek nei it kulturelehaadstêdjier binne yn de provinsje in soad kulturele eveneminten op it mêd fan teäter, muzyk en keunst. Wy stjoere ús ferslachjouwers as resinsint nei in ferskaat fan dizze foarstellings.
Wa bisto?
Wendy Kennedy
Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Ferslachjouwer mei as spesjalisaasje kultuer
Wat hasto mei kultuer?
Kultuer makket it libben leuker en kin derfoar soargje datst dingen ris fan in oare kant besjochtst. Ik haw in brede ynteresse yn kultuer, mar teäter en muzyk springe der wol út.
Wêr hasto hinne west?
'Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern, ensf.'
Hoefolle stjerren?
Trije.
© Tryater
Tryater is mei dit stik wer even werom op it âlde stee: Sealen Schaaf. Dit teäter mei in prachtige histoarje past hiel goed by de foarstelling. It publyk sit tsjinoer elkoar mei oan de sydkant it poadium. It dekôr moat feestseal Rialto foarstelle, in plak fan fergiene gloarje.

Prostituee wol ophâlde

Yolanda, in prostituee op leeftiid, hat grut nijs. Se hâldt dermei op en sil trouwe. In prachtige rol fan Aly Bruinsma. Se hopet no einlik in bettere mem foar har pubersoan Thierry wêze te kinnen, dy't se bytiden oan syn lot oerlit. Har poaier Winnetoe besiket him noch wol om har soan te bekroadzjen. Goede freon, âld-húsdokter en âld-klant fan Yolanda, Max (Joop Wittermans) is der ek. Nei jierren treft hy syn dochter wer. Estelle, in jonge keunstner, is op syk nei de leafde fan har heit, dy't dêrmei wrakselet. Dan is der ek noch húsfreon Sacha, dy't besiket op it rjochte paad te bliuwen.

Clowns

Al dizze personaazjes binne op syk nei lok, dat se mei fallen en opstean hieltyd wer neistribje. Yn de rin fan it stik feroarje de spilers bytsje by bytsje yn clowns. Regisseuse Tamara Schoppert docht dit om't clowns foar har stean foar de kwetsbere minsk, dy't mar trochgean mei besykjen it goed ôfrinne te litten.

Optocht Frysk dialekt

Opfallend is it taalgebrûk yn de foarstelling. It is in oersetting fan de Flaming Arne Sierens. Peter Sijbenga hat it oerset en betocht in Frysk dialekt. Sa wie Max hieltyd op syk nei syn hûn-eke. It stik giet oer in mienskip yn in folkswyk. Ek dit is werom te hearren yn it taalgebrûk. Sascha besiket hieltyd om ''achter it hekje" wei te bliuwen en Yolanda freget har klanten om "earst mei dy rommel derûnder troch de waskstrjitte te gean."
It is in bysûnder stik, mei bysûnder taalgebrûk en bysûndere personaazjes en hat in moaie tematyk. It duorret even foar't alle personaazjes dúdlik binne foar my. De djipgong dy't de karakters hawwe, berikt my net goed. Ik tink dat dêrom harren ploeterjen en wrakseljen my net sa rekket. Mar by flagen gebeurt dit wol, lykas yn de sêne tusken Max en dochter Estelle, dy't werom gean nei harren ferline. Dit is sterk spile troch Joop Wittermans en talint Anna Raadsveld.
It stik freget in soad fan it publyk: kwa harkjen, ynlibbing en foarkennis. De taskôger kriget yn it foar in moaie folder mei útlis oer de karakters en wêrom't se yn klowns feroarje. Dit is belangryk om it stik goed folgje te kinnen. It is hiel goed spile yn in moaie setting mei in prachtich dekôr.