Nij boek oer twahûndert jier proefkoloanjes by Frederiksoard

30 mrt 2019 - 11:25

It boek 200 jaar Maatschappij van Weldadigheid, Droom en Weldaad moat it ferhaal fan de proefkoloanjes by Frederiksoard nochris dúdlik delsette. De koloanjes wienen in eksperimint om earme minsken in pleatske en wat fee te jaan.

Freed wie de presintaasje fan it boek dat skreaun is troch âld-direkter Jan Mensink. Dêryn giet it oer it ûntstean fan de proefkoloanjes op inisjatyf fan Johannes van den Bosch oant de besite fan Kening Willem-Alexander by it 200-jierrich bestean, ferline jier. Ek de nominaasje foar de UNESCO Wrâlderfguodlist wurdt neamd. De fermelding op dy list wurdt takom jier ferwachte.

Jan Mensink hat 25 jier direkteur west fan de Maatschappij van Weldadigheid. Der wie al in boek oer de begjinjierren. Droom en weldaad rjochtet him mear op de perioade nei 1859. Doe grypte de oerheid yn, want it fallisemint drige foar de Maatskippij en de koers waard wizige.

Yn de koloanjes leit de basis fan de fersoargingssteat, sa't we dy no kenne. Mei learplicht, sikefûns en âldereinsoarch. En ien op de sechstsjin Nederlanners stamt ôf fan in kolonist fan de Maatskippij, ûnder wa Daphne Bunskoek, Philip Freriks en Jeltje van Nieuwenhoven.

Noch hieltyd wol de Maatskippij ynnovatyf wêze krekt lykas twahûndert jier lyn mei duorsume nije koloanjewenten, frije tiid, ekonomy, iten en op sosjaal-maatskiplik flak. Der binne tal fan inisjativen, lykas in kombinaasje fan soarch en túnbou yn de âlde túnbouskoalle yn Frederiksoard en in wengroep foar minsken mei autisme by Wilhelminaoard.

(advertinsje)
(advertinsje)