Frysk Lânboumuseum helpt mei realisaasje lânboumuseum Yndonezië

It Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert sil yn Yndonezië helpe mei it realisearjen fan in Nasjonaal Lânboumuseum. Direkteur Henk Dijkstra advisearret it Ministearje fan Lânbou yn Jakarta by de ynrjochting, it konservearjen, promoasje en it management fan it nij te bouwen lânboumuseum.
© Omrop Fryslân, René Koster
De kommende twa jier sil Dijkstra sa'n twa dagen yn 'e wike fan út Ljouwert, mar ek in pear kear op lokaasje helpe. Yn jannewaris hat Dijkstra alris del west op de lokaasje. It nije lânboumuseum wurdt fêstige yn Bogor, it eardere 'Buitenzorg'. It leit op sawat hûndert kilometer fan Jakarta.
It kontakt tusken it Fryske lânboumuseum en Yndonezië ûntstie yn oktober 2018, doe de Sekretaris Generaal fan it Ministearje fan Lânbou yn Jakarta it museum yn Ljouwert besocht. It Yndonezyske ministearje wie ûnder de yndruk fan it Lânboumuseum en kamen mei plannen om ek sa'n museum yn harren lân op te setten.
Henk Dijkstra Frysk Lânboumuseum
Henk Dijkstra fertelt: "In minister hat in attasjee yn Brussel opdracht jûn foarbylden fan oanpak fan oare musea te sykjen. Sa binne se by ús útkaam. Nei de besite fan de Sekretaris Generaal yn oktober oan ús museum kaam al gau de fraach oft wy ek helpe woene."
Yndonezië wie altyd in grut yn de bou fan rys. Mar de lêste tiid wurdt der ek in soad palmoalje produsearre, giet Dijkstra fierder. Ien fan syn advizen is dat der foarwerpen komme moatte yn it museum: "Hoe dy te finen en hokker wolst sjen litte."
Foar Dijkstra is de gearwurking ekstra spesjaal, omdat er sels sawat tritich jier ferlyn yn de tropen begûn is te wurkjen. "Ik naderje no de ein fan myn karriêre en dan kom ik wer yn de tropen telâne. Moai dat ik de ûnderfining dy't ik opboud haw, dêr brûke kin. "
Dijkstra docht it measte wurk út Fryslân wei. "Wy binne no dwaande in ferfanger te sykjen dy't in diel fan myn taken oernimme kin. Der stiet in fakatuere op ús website. Dan is it de bedoeling dat ik der yn april wer hinne gean. En dêrnei moatte wy it trajekt útsette hoe't wy fierder wolle."