Kollum: "Tefreden, neffens it CBS"

30 mrt 2019 - 09:55

"It Sintraal Buro foar de Statistysk kaam dizze wike mei de útkomsten fan in ûndersyk. Dat is op himsels net sa nuver, want dat docht it Sintraal Buro foar de Statistyk no ienkear. Sa flak nei de ferkiezings wie Nederlân wol ta oan wat posityf nijs, sille se tocht hawwe. Dus brochten se nei bûten dat it grutste part fan de Nederlanners hartstikke tefreden troch it libben giet.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

It makket net út oft je no man of frou binne, we sjonge der alle dagen hast oer, sa tefreden binne we, sa blykt út it ûndersyk. Neffens it CBS is mar twa prosint fan de Nederlanners negatyf. Op tongersdei 28 maart telde Nederlân 17305673 ynwenners. Hoe wit ik dat sa presys? No, dat hâldt it Sintraal Buro foar de Statistyk ek by. Maklik, al dy sifers. Twa prosint fan al dy ynwenners soe dus rûnút negatyf wêze. Dat binne der dan 346.113. Dat haw ik sels net betocht, soks docht myn hast 40 jier âlde Texas Instruments kalkulator foar my. Dy't trouwens op sinne-enerzjy wurket. Al hast fjirtich jier lang, hoesa is sinne-enerzjy in nije foarm fan enerzjy opwekke, mar dat even tuskentroch.

Dus rûchwei 350.000 minsken is gewoan net tefreden. Dat is goed trettjin kear in Abe Lenstrastadion fol. Dat is best in soad ûntefreden folk, liket my. En it eaget hiel oars as 'mar twa prosint'. Boppe dy twa prosint echt struktureel ûntefreden minsken is in hiele groep dy't sa no en dan ûntefreden is. Wat 'sa no en dan' krekt ynhâldt wit ik net, dat hawwe se dan wer net ûndersocht. Der moat ek wat te ûndersykjen bliuwe, is 't net sa?

Earlik sein tink ik dat it CBS foar in grut part wol gelyk hat. As je op in gemiddelde tongersdei jo wyklikse boadskippen dogge en je sjogge yn de Lidl even om jo hinne, is it gros fan it folk sa noflik as brij. As je yn folle tefredenheid seis pakjes gehak troch de hannen hawwe kinne om fan allegearre it etiket te lêzen, is der net folle reden ta panyk. De minsken dy't dêr op stean te wachtsjen sille op dat stuit even wat minder tefreden troch it libben gean, mar dat is mar tydlik, sy moatte neffens it CBS dan by dy 'sa no en dan ûntefreden minsken' ûnderbrocht wurde yn harren statistiken.

Ik haw it wol earder skreaun, ik ken in soad minsken, mar net ien fan myn kunde hat ea tsjin my sein dat se troch immen fan it CBS belle binne om harren te freegjen hoe tefreden oft se binne. Echt net ien. Dat is nuver. Se hawwe my ek net belle. It byld hie dêr net echt oars troch wurden, ik hear by de groep dy't wolris tydlik wat minder tefreden is, neffens my is dat fierwei de grutste groep. Woansdei wie ik bygelyks net sa tefreden doe't de UNIS Flyers dik ferlearen.

Mar as Nederlân dan sa massaal tefreden is, kin it CBS my dan fertelle hoe't in partij as Forum foar Demokrasy 86 provinsjale en 13 sitten yn de Earste Keamer hellet? Binne dat allegearre minsken dy't yn folle tefredenheid it hokje fan Baudet read kleure hawwe? Leauwe jo dat?

Miskien moat it CBS ris ûndersykje oft it CBS wol goed ûndersyk docht."

Trefwurden: 
Ferdinand de Jong kolum
(advertinsje)