Omrop TIP: Soarte fan itselde, útwikseling tusken Fryske en Oekraynske popsjongers

Twa artysten mei in totaal oare eftergrûn geane mei-inoar in syktocht nei ynspiraasje en in objektyf wrâldbyld oan. YVI (de Fryske Diederick Brandsma) en Sasha Boole (de Oekraynske Oleksandr Bulich) reizgje dêrfoar tegearre mei in buske fan Oekraïne nei Fryslân.
De artysten fan 'Soarte fan itselde' tegearre yn Ljouwert © Omrop Fryslân
It is it ferhaal fan twa markante persoanen op twa úteinen fan in kontinint, dy't, sûnder dat se inoar ea sjoen hawwe, stadichoan ûntdekke dat se net sa ferskillend binne as dat se earst tochten. Tagelyk fertelt de dokumintêre ek de ferhalen fan it neilittenskip fan it kommunisme yn de muzyk; in oarloch as gefolch fan it ôfsizzen fan in optreden en it proasten op de dea fan in rebel.
De film is makke as ûnderdiel fan it ambisjeuze 'Transmission' projekt fan het Fryske produksjehûs De Popfabriek. Utgongspunt is het muzikaal, kultureel én geografysk ferbinen fan twa tige útinoar rinnende gebieten: Fryslân/Nederlân en it fiere Oekraïne.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Soarte fan itselde' is snein 31 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.