Agraryske sektor wurket oan omslach foar de kommende tsien jier

De agraryske sektor stiet foar in geweldige útdaging om rjochting 2030 in totale omslach te meitsjen nei in heechkwalitative, miljeufreonlike sektor mei each foar natoer en miljeu en in goede takomst foar de boeren.
© Wiegmink Media
De agraryske sektor, it ûnderwiis, de provinsjale oerheid, it ministearje fan Lânbou en miljeuorganisaasjes wurkje yn Noard-Nederlân gear ûnder de titel 'Agro Agenda' om dit de kommende jierren hannen en fuotten te jaan. Freed wienen al dy ynstânsjes byinoar yn de Martinitsjerke yn Grins om te praten oer in helder en helber plan foar de takomst.
Trienke Elshof, foarsitter fan lânbouorganisaasje LTO ôfdieling Noard, sjocht dat dit in grutte opjefte is. Mar as alle belutsen ynstânsjes gearwurkje, sjocht se seker mooglikheden foar in goede takomst foar de sektor. Sy hopet ûnder oare op mear romte foar yndividuele en streekinisjativen en mear op de inisjativen ôfstimde regeljouwing dy't de plannen net yn de wei stiet. Foar boeren dy't it net oprêde en dy't ophâlde wolle, hopet se op stipe fan de oerheid dy't dat harren makliker makket.
Trienke Elshof (LTO) leit út wat de bedoeling is
Foarsitter Hans van der Werf fan de Fryske Milieufederaasje sjocht dat boeren al folop oan de slach binne en dat der fanút koöperaasjes gearwurking socht wurdt mei natoerorganisaasjes. Ek de boarger freget hieltyd mear om heechkwalitative produkten dy't ferantwurde produsearre wurde. In omslach is net mear te kearen, seit er.
Hans van der Werf, Fryske Miljeufederaasje
Boer Bote de Boer út Tsjerkwert, dy't buorket mei each foar de natoer en greidfûgels, hopet dat der mei stipe fan it ministearje fan LNV mear romte komt foar plannen fan yndividuele boeren, bygelyks de wize hoe't stront en jarre sammele en útriden wurdt. Neffens him kin dêrmei in soad berikt wurde.
Bote de Boer fan Tsjerkwert © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Boer Bote de Boer fan Tsjerkwert
Pieter van der Werf fan it Nordwin College sjocht dat it kurriculum foar learlingen yn de lânbousektor op bepaalde terreinen oanpast wurde moat, bygelyks troch mear ynformaasje te jaan oer natoerynklusive lânbou. Dêr wurdt op dit stuit al folop oan wurke.
Frans Keurentjes, foarsitter fan suvelkoöperaasje Friesland Campina fergeliket it hiele proses mei it plantsjen fan in flagge yn de takomst. 'Zo willen wij het hebben in 2030'. En dan moatte alle belutsen ynfolje hoe't de sektor dat yn de kommende jierren berikke wol.