Ministearje: 'Stjerte skoeten hat neat te krijen mei fersmoarging MSC Zoe'

30 mrt 2019 - 07:42

De deade skoeten dy't begjin dit jier oanspielden op de Noardseestrannen, binne omkaam fan de honger. De dea fan de fûgels hie neat te krijen mei de fersmoarging ôfkomstich fan kontenerskip MSC Zoe. Dat hat minister Van Nieuwenhuizen bekend makke.

Foto: ANP

Op 2 jannewaris sloegen mear as trijehûndert konteners oerboard fan it skip. Dêr sieten allerhanne dingen yn, ek fergiftige stoffen. De 20.000 meagere fûgels dy't letter oanspielden binne úthongere. Dat docht bliken út ûndersyk fan hûndert oanspielde eksimplaren troch de universiteiten fan Utrecht en Wageningen. Der binne gjin gifstoffen oantroffen yn de magen fan de fûgels.

Dútske ûndersikers kamen earder ek al ta de konklúzje dat de bisten omkaam binne fan de honger en dat kontenerskip MSC Zoe der neat mei te krijen hat.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp skoet
(Advertinsje)
(Advertinsje)