Wedstriid fan de wike: Friezen dogge it goed by Roelof Thijs Bokaal

29 mrt 2019 - 23:51

De Roelof Thijs Bokaal yn Thialf soarge ek dit jier wer foar in soad spektakel. De twa Friezen dy't meidiene, Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum en Simon Reitsma fan Sint-Anne, hellen beiden de lytse finale. Tuinstra wie krekt wat rapper as Reitsma. Se einigen as sechde en sânde.

Foar de 18-jierrige Tuinstra is it in knappe prestaasje. Earder joech hy al oan graach op syn minst tredde te wurden, mar dat dat wol in hege ynset wie. Nei de wedstriid wie er dan ek optimistysk: "Ik ben nog jong. Volgend jaar kom ik sterker terug. Ik blijf net zo lang doorstrijden tot we het podium halen!"

Jimmy Tuinstra

Simon Reitsma nimt mei syn 48 jier ôfskied fan de sport. "It is no tiid foar myn soan", sa lit er witte. Dy is no tolve jier en moat Fryslân yn de takomst represintearje yn de sport. Foar heit wie it sânde plak in moaie ôfsluter.

In spitich momint wie it wol doe't Simon de baan op ride woe foar in eareronde. Dat mocht net, want de taskôgers wiene de baan al op gien om by de priisútrikking te wêzen. Nei in pear minuten seach er sels ek wol yn dat dy eareronde der net mear yn siet. "Mar der komme noch twa dagen. It komt wol goed."

Sneon en snein wurdt yn Thialf noch it WK iisspeedway riden.

Simon Reitsma

Trefwurden: 
Thialf motorsport iisspeedway
(advertinsje)
(advertinsje)