Trainer Hake oer ferlies nei suksesrige SC Cambuur: "Dit is even een domper"

29 mrt 2019 - 23:39

"Dat dit even een domper is, gezien de serie waar we in zaten, lijkt me duidelijk." Dat sei trainer René Hake fan SC Cambuur nei it teloarstellende ferlies tsjin Almere City FC. Yn eigen hûs giene de Ljouwerters freedtejûn mei 1-0 ûnderút en kaam der in ein oan in rige fan suksessen, besteande út trije wedstriden winst en ien wedstriid lyk spul.

René Hake SC Cambuur

Yn de fjouwer foargeande wedstriden like Cambuur fertrouwen út te strielen. "Ik vind dat we dat ook wel uitgestraald hebben in de eerste twintig minuten", seit Hake. "Toen zat er veel energie in, veel druk op de bal."

Dêrnei gie it minder goed mei Cambuur en gie de striid mei Almere lyk op. "Dan kabbelt het voort, zonder dat er aan beide kanten veel gebeurt. Uiteindelijk staan we met lege handen en dat betekent dat we onszelf een slechte dienst bewijzen."

Kevin Jansen SC Cambuur

Middenfjilder Kevin Jansen seach dat Cambuur muoite hie mei hoe't Almere City ferdigene. "We voetbalden aardig tot de zestien en toen was het moeilijk er doorheen te komen. Dat hebben we wel vaker dit seizoen. Dan moet je een beetje geluk hebben en dat hebben we niet gehad."

Dat, wylst de begjinfaze fan de Ljouwerters noch hiel aardich wie. De ploech kreëarre meardere mooglikheden. "Het eerste kwartier dacht ik ook: als we nu een goal maken, gaan we er overheen. Het was een wedstrijd waarin wie als eerste zou scoren, hem zou winnen. Helaas maken zij een frommelgoal."

Sjoen de ranglist hie Cambuur goeie saken dwaan kinnen. Yn stee fan it sânde plak steane Jansen en syn team no tolfde. "Als je hier wint, sta je er helemaal goed voor. Ik heb de andere uitslagen gezien en die waren ook positief. Maar daar heb je niks aan."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)