SC Cambuur teloarstellend ûnderút tsjin Almere City FC

SC Cambuur is freedtejûn teloarstellend mei 1-0 ûnderút gien tsjin Almere City FC. Dêrmei kaam yn it eigen stadion in ein oan in rige fan fjouwer wedstriden, wêryn't de Ljouwerters ûnferslein wiene.
SC Cambuur teloarstellend ûnderút tsjin Almere City FC
De earste helte wie it benammen Cambuur dy't it inisjatyf naam, mar de ploech fan trainer René Hake slagge der mar net yn om kânsen te kreëarjen. Oan beide kanten wiene der net in soad grutte kânsen en sa giene beide ploegen mei 0-0 de klaaikeamers yn.
© www.orangepictures.nl
Goed in kertier ûnderweis yn de twadde helte besocht Almere City de iepeningstreffer te meitsjen út in hoekskop wei, mar Cambuur-doelman Xavier Mous wist de bal ienfaldich te parearjen. Lang duorre it lykwols net foar't de besikers skoorden, want twa minuten letter kaam Almere dochs op foarsprong. Ut in frije traap wei slagge Stijn Meijer der yn de 64e minút yn om de 1-0 op it skoareboerd te setten.
Ek nei in pear wiksels koe Cambuur yn de rest fan de wedstriid gjin potten mear brekke. Sels goed fiif minuten blessueretiid wiene net genôch om de lykmakker te meitsjen. En sa gie Almere, dat noch nea in punt helle fan de tsien wedstriden yn it Cambuurstadion, no nei hûs mei trije punten.
René Hake SC Cambuur
Troch de nederlaach stiet Cambuur no tolfde yn de earste difyzje. Moandei spylje de Ljouwerters alwer, dan út tsjin Jong Ajax.
Kevin Jansen SC Cambuur
SC Cambuur - Almere City FC 0-1 (0-0). 64. Stijn Meijer
Opstelling SC Cambuur: Mous, Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Boerlage, Jansen (79. Jones), Maulun, Bangura (71. Robertha), Hendriks, Ciganiks (71. Kallon).