Froulju SC Hearrenfean winne yn Rotterdam fan Excelsior Barendrecht
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe mei in goede winstpartij op de froulju fan Excelsior Barendrecht harren kopposysje yn de play-offs ferstevige. De Feansters namen de trije punten mei nei in 4-0 winst yn it Van Donge en De Roo Stadion.
Yn de earste helte foel net in soad te belibjen, al kaam it frouljusteam fan Hearrenfean al op foarsprong. Suzanne Admiraal wurke nei in krappe tsien minuten de 1-0 tsjin de touwen.
Doe't Tiny Hoekstra nei in goed oere spyljen in rebound de goal yn skeat en Laura Strik de 3-0 foar har rekken naam, wienen de Feansters wis fan de oerwinning. Dy waard noch in bytsje moaier doe't Hoekstra fan de strafskopstip ôf de 4-0 makke.