Fideoskiedsrjochter, flok of seine? "It giet net om de leuk, it giet om miljoenen"

29 mrt 2019 - 20:45

Der giet dit seizoen gjin wykein foarby, sûnder dat der krityk is op de VAR. Dit seizoen hat de fideoskiedsrjochter syn entree makke yn de earedifyzje en dat soarget alle kearen wer foar in soad opskuor. Ald-skiedsrjochters Jan Dolstra en Herman van Dijk en assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra prate deroer yn Fryslân Hjoed.

De Video Assistant Referee moat soargje foar dúdlikheid, mar is de VAR no in flok of in seine? De diskusje bliuwt en dat wylst sawat alle oanfierders yn de eraredifyzje foarstanner fan de VAR binne.

Te folle sykje

Neffens Erwin Zeinstra is it fuotbal troch de ynfiering fan de VAR earliker wurden. "It doel fan de VAR wie de fouten derút te heljen. No, dy ha we tink ik hast net mear. Allinnich moat it noch wol ferfine wurde. Miskien wolle we wol wat te folle sykje", seit er. Zeinstra is bliid dat it der is. "Foar ús is it nammentlik hiel goed, want wy nimme sa no en dan beslissingen en dan hopest mar datst it goed hast. Witst hoefolle impact it ha kin as sa'n beslissing ferkeard is. Dan bist bliid datst just no dy VAR hast en dat dy dy eventueel noch korrizjearje kin."

Foto: Omrop Fryslân

Oft it der ek leuker op wurden is, is de fraach, mar dat is neffens Jan Dolstra net belangryk. "It moat earliker wêze en oft it leuk is of net. Op it momint dat de VAR in beslissing tsjin dy nimt, is it net leuk." Neffens Dolstra hat bliken dien dat 96 prosint fan alle VAR-mominten yn Nederlân terjochte wie. "In hiel protte ûnearlikheden wurde fuortnaam. En dy 4 prosint dy't oerbliuwt, is wêr't minsken in protte diskusje oer ha en ûntefreden oer binne. Mar it is gewoan in stik earliker wurden. It giet net om de leuk, it giet om miljoenen."

Eigen wedstriid fluitsje

Herman van Dijk is it net hielendal iens mei de stelling dat skiedsrjochters no harren beslissing útstelle, om't se dochs 'overruled' wurde troch de VAR. "Je moatte je eigen wedstriid fluitsje, mar je ha as achterfang by in ferkearde beslissing eventueel de VAR. Of in minder goede beslissing, want wat is in foute beslissing? Dêrtroch wurdt it wol earliker en cleaner. Allinnich as skiedsrjochter, as it twa of trije kear de wedstriid foarkomt, begjinst miskien sels wol in bytsje ûnsekerder te wurden. Dan sis ik op myn beurt, dan hast it der sels miskien ek wol nei makke."

(advertinsje)
(advertinsje)