Boargemaster Crone presintearret nije flagge en wapen gemeente Ljouwert

29 mrt 2019 - 19:36

Nei't de gemeentlike weryndielingen trochfierd binne, is it fansels ek tiid om in nije flagge te ûntwerpen en it wapen by te wurkjen. Freedtemiddei binne de flagge en it wapen presintearre. It meitsjen fan in wapen wie noch net ienfâldich, liet boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert witte.

"Het is gebruikelijk dat als je een nieuwe gemeente hebt, je iets nieuws maakt", begjint de grutske boargemaster fan Ljouwert. "Er is in 1986 en 2014 ook al gesproken over een nieuw wapen toen er herindelingen waren. Maar nu is met Leeuwarderadeel en Littenseradiel pas echt een nieuwe gemeente klaar, dus het leek ons een goed moment om het nieuwe wapen en de nieuwe vlag bij de opening van het toeristenseizoen te presenteren."

Regels

Dat it meitsjen fan in nij wapen net samar klear is, hat mei ferskillende redenen te krijen. "De Fryske Rie foar Heraldyk en de Hoge Raad van Adel moesten kijken naar de regels. Zij gaan over de kleuren en wat er mag. Het leek ons aardig om de familiewapens van de families Cammingha en Burmania in ons nieuwe wapen te verwerken. Die hebben veel voor de stad Leeuwarden betekend."

"Ook de staart van de leeuw gaat naar binnen. Veel wapens hebben dat niet, maar Leeuwarden heeft dat bijna altijd al gehad", seit Crone.

Troch de keuring

It wapen moat noch wol goedkard wurde. De flagge is al goedkard troch de gemeenteried. "Die mag het wapen niet keuren. De koning keurt het wapen, maar de Hoge Raad van Adel heeft al laten weten dat het er goed uitziet."

De 127 jier âlde amtsketting fan de boargemaster hoecht net oanpast te wurden. Dizze slút al goed oan by de nije oanpassingen.

(advertinsje)
(advertinsje)