Kontener mei gefaarlike stoffen fan MSC Zoe oantroffen yn Dútslân

29 mrt 2019 - 18:59

In kontener mei gefaarlike stoffen dy't MSC Zoe begjin jannewaris boppe de Waadeilannen ferlear, is oantroffen op Dútsk grûngebiet. Yn de kontener sit de stof 'dibenzoylperoxide'. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat dat freed bekend makke.

Foto: Gemeente It Amelân

De kontener is op sa'n 7 kilometer út de kust oantroffen. "Dus wel in de buurt van Nederland en in een gebied waar het te verwachten is dat er containers zouden zijn gevallen", seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. Der mist noch in twadde kontener mei gefaarlike stoffen. Hjir sitte lithium-ion batterijen yn. De syktocht nei dizze kontener giet noch altyd troch.

It is noch net bekend yn wat foar kondysje de kontener is en oft der noch wat ynsit. "Dat is nog heel moeilijk te zeggen. De berger gaat de komende dagen heel goed kijken wat de status van die container is en hoe hij hem precies moet gaan bergen", seit De Feijter. "Dat zal hij ook in overleg met de Duitse autoriteiten moeten doen."

Argyffoto - Foto: Kustwacht Nederland

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

Yn totaal ferlear it skip 342 konteners, wêrfan't twatredde part yn it Nederlânske diel fan de Noardsee telâne kommen is, skriuwt de minister oan de Twadde Keamer. De rest leit yn de Dútske wetters.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)