Waadfûns jout 100.000 euro oan twa bioferskaatprojekten

29 mrt 2019 - 17:41

Twa lytsskalige projekten op it mêd fan bioferskaat krije mei-inoar hast 100.000 euro fan it Waadfûns. It iene projekt is foar bettere libbensomstannichheden foar fûgels yn Doanjum, Boer, Peins en Rie en it oare foar hegere bioferskaat fan floara yn Achlum en Easterbierrum.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It projekt Vogeldorpen yn Doanjum, Boer, Peins en Rie krijt 49.410 euro. Ynwenners fan de doarpen sille sels de ferbetteringen dy't se mei-inoar betocht ha yn de praktyk bringe. Se krije de stipe fan de Fryske Miljeufederaasje en Lânskipsbehear Fryslân.

Der giet 48.225 euro nei it projekt Bloemendorpen yn Achlum en Easterbierrum. Dêr sille lokale frijwilligers mei boeren en grûneigeners en oerheden maatregels nimme om it bioferskaat fan floara te ferheegjen.

Inisjatyfnimmers fan nije lokale projekten kinne it hiele jier noch by it Waadfûns terjochte om in subsydzje oan te freegjen. It Budget Lokale Innovaties behannelet de oanfragen op folchoarder fan ûntfangst.

(advertinsje)
(advertinsje)