Ynformaasje nij kollleezje Deputearre Steaten 'freget tiid'

29 mrt 2019 - 17:15

Ynformateur Harry van der Molen is posityf oer syn earste wike fan 'ferkennende petearen' mei alle tolve partijen yn Provinsjale Steaten. Dy petearen ferrûnen yn goeie sfear en lieten boppedat sjen dat de partijen ree binne om mei-inoar op te arbeidzjen.

Formaasje-Harry-van-der-Molen

Van der Molen hat yn de earste wike benammen 'op ynhâld' mei de partijen praat. Dy partijen binne neffens him 'aardich ienriedich' as it giet om de saken dy't sy de kommende jierren oanpakke wolle. It giet dan om saken as de enerzjy-transysje, it wynenerzjybelied, it erfskip fan de kulturele haadstêd en de romtlike ynrjochting fan Fryslân.

Ynformateur Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Van der Molen wol no yn syn twadde ynformaasjewike petearen fiere mei 'kombinaasjes fan partijen' om te hifkjen oft guon foarkarskoälysjes, sa't dy troch de partijen útsprutsen binne, ek ynhâldlik foldwaande perspektyf biede. Hokker kombinaasjes fan partijen dat binne woe Van der Molen freed noch net kwyt. "Dêr wol ik dit wykein earst noch even rêstich oer neitinke."

Tiid nimme foar in soarchfâldich proses

Omdat der in soad nije steateleden én nije fraksjefoarsitters binne wol Van der Molen de tiid nimme foar in soarchfâldich proses. By de ynformaasje is oant no ta neffens de ynformateur noch net ien partij ôffallen. Alle partijen hawwe oanjûn dat se wol fierder prate wolle. Van der Molen sil nije wike freed op 'e nij ferslach dwaan fan syn wurk as ynformateur. De CDA'er kombinearret syn tydlike taak as ynformateur mei syn wurk yn de Twadde Keamer. Hy wikselt hjirby 'Haachske dagen' ôf mei in ynformaasjedei yn Ljouwert.

Ynformateur Harry van der Molen de ôfrûne wike

(Advertinsje)
(Advertinsje)