Auto rydt efterop frachtwein op A7 by Wûns
In auto is freed oan de ein fan de middei efterop in frachtwein riden. Dat barde op de A7 by Wûns, tusken Surch en Boalsert. De trailer fan de frachtwein stie skean efter de frachtwein yn de berm.
De rjochter rydstripe wie ticht. Dêrtroch ûntstie der in koarte file. It ferkear koe wol oer de linker rydstripe.
Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ûngelok. De bestjoerster fan de auto is foar de wissichheid wol neisjoen troch ambulânsepersoniel.