Alve buorskippen yn Achtkarspelen krije eigen plaknammeboerd

In pear buorskippen yn Achtkarspelen ha in eigen plaknammeboerd en dat wurde der folle mear. De gemeenteried fan Achtkarspelen hat besletten dat alve buorskippen tenei in boerd krije.
It Jachtfjild © Atze van der Ploeg
It foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wie om acht buorskippen in boerd te jaan: It Wyldfjild, It Jachtfjild, Mûntsetille, It Utlân, Dykhuzen, Blauhûs, Bouwetille en De Hamsterpein. Nei in amendemint út de ried kamen Egypte, It Wyldpaed en Hiltsjemuoiswâlden dêr by.
De buorskippen dy't in boerd krije hearre by in seleksje fan 31 histoaryske lokaasjes, dy't yn 2014 op in rychje set binne troch de stichting Oud-Achtkarspelen. Dy krige kompliminten fan de fraksjes en fan wethâlder Max de Haan: "In ferriking foar ús kultuer."