Wenningmerk Fryslân is sûn, mar tekoarten driigje

De wenningmerk yn Fryslân is op it stuit sûn, mar der driget krapte. Der wurdt te min byboud. Dat is werom te sjen yn de sifers fan ferkochte huzen. Nei de krisis fan 2008 sakke de merk yn. Fan 2013 ôf gie it stadich oan better, oant 2018. Ferline jier waarden der minder wenten ferkocht. De prizen gean as gefolch dêrfan omheech.
Wenningmerk Fryslân goed mar tekoarten driigje
De belangrykste reden is dat der te min nijbouhuzen bykomme. Bygelyks yn Drachten, seit makeler Hielke Fonk fan makelaardij Friesland: "De measte wenten, kavels, binne op. Foar de kommende jierren wurdt net genôch boud. It giet net allinnich om keap- mar ek om hierwenten." Der binne wol plannen yn Smellingerlân. It giet mei inoar om 900 huzen. Der moat allinnich foarút tocht wurde seit Fonk: "De trochstreaming moat der bliuwe. Minsken wolle út hierwenten nei keapwenten ta. Dan moat der al oanbod wêze."

Nijbouplannen yn ûntwikkeling

Dat jildt net allinnich foar Smellingerlân. Ek yn Snits en Ljouwert is ferlet oan nijbouwenten. Yn Snits binne de kavels no hast op, mar wurdt hurd wurke oan de útjefte fan nijen. Oft dat genôch is wurdt troch guon makelers betwivele.
Yn Ljouwert binne op it stuit tal fan nijbouplannen yn ûntwikkeling. Sa wurdt hurd wurke oan útwreiding fan de wyk De Súdlannen. Hendrik Fokkema is makeler by Makelaardij Hoekstra: "It ôfrûne heal jier wie it oanbod al minder. Der wie net safolle oan nije kavels. Nei de simmer ta sjogge we al dat it oanlûkt. Yn de wyk De Súdlannen wurde nije kavels útjûn en dat jout in moaie ynfolling oan de fraach dy't der is."
As der genôch nijbou is en minsken bliuwe wenten te keap setten, bliuwt dy trochstreaming wol.
Jeannette Hoekstra fan makelaardij Hoekstra
Dy nijbou is ek needsaaklik om foar te kommen dat de prizen te heech wurde seit Jeannette Hoekstra fan makelaardij Hoekstra: "As der genôch nijbou is en minsken bliuwe wenten te keap setten, bliuwt dy trochstreaming wol." Se is net benaud foar saneamde 'Amsterdamske' tastannen wêrby't foar heger bean wurdt as de fraachpriis: "Je sjogge it wolris yn Ljouwert, bygelyks op populêre plakken. Mar dat is de útsûndering. As in hûs te djoer is wurdt it net ferkocht, sa simpel is it."

Net bang foar nije krisis

Benaud foar in nije krisis lykas nei 2008 is Hoekstra dan ek net: "Der is gjin sprake fan gekte. Der is in soad fraach mar de merk is noch hieltyd sûn." Makeler Jaap Kingma fan Burgum sjocht dat oars. Hy is benaud foar stagnaasje yn de merk: "Yn Burgum is te min nijbou. Der is dan ek gjin trochstreaming en dat fernimme je oan de prizen. Dy rinne omheech en dat jout al soargen. Want it is lucht dat je ferkeapje. Al lucht mei wearde want at de ien it net keapet dan de oar wol."
Ik sjoch minsken út it Westen hjir huzen keapje. Foar har binne de prizen noch hieltyd leech.
Jaap Kingma, makeler yn Burgum
Mar wa keapje al dy huzen? Fokkema sjocht in soad minsken fan bûten de provinsje nei Fryslân kommen: "Se komme dochs foar kwalitatyf goed wenje." Kingma is it dêr mei iens: "Ik sjoch minsken út it Westen hjir huzen keapje. Foar har binne de prizen noch hieltyd leech." Ek is der sprake fan saneamde 'gesinsferdunning', bygelyks minsken dy't útinoar gean. Om't de hypoteekrinte leech is kinne minsken makliker in hûs keapje.
Sneon is de lanlike Iepen Huzedei. Tal fan minsken sette de doar iepen om keapers te ferlieden.