Rotonde earder klear as ferwachte, ôfslach Garyp/Earnewâld wer iepen

It ferkear kin tenei wer oer de op- en ôfrit Garyp/Earnewâld fan de N31. Fanwegen de tanimmende drokte op de rûnwei hat de provinsje in nije rotonde oanlein. De oanlis soe fjouwer wiken duorje, mar fanwegen it goede waar is it wurk in wike earder klear.
De oprit yn de N31 nei Earnewâld © Google Street View
It súdlike krúspunt oan de kant fan Earnewâld waard hieltyd drokker kwa ferkear. Der stie ek geregeld in file op de ôfrit nei Garyp út Ljouwert wei. De provinsje hie earst tydlik ferkearsljochten delset.
Fan moandei 11 maart ôf koe ferkear fanwege de wurksumheden de ôfslach net mear brûke. De planning wie dat it op 5 april wer iepen gean soe foar ferkear, mar ûnder oare fanwegen geunstige waarsomstannichheden giet it wurk hurder as ferwachte.