Akademisy uterje har soarch oer Thierry Baudet en Forum voor Democratie

Mear as twahûndert akademisy ha de ôfrûne dagen in iepen brief tekene om de akademyske frijheid te ferdigenjen. Under har is ek Merijn Theodore Knibbe fan de Fryske Akademy en hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De brief is in reaksje op útlittingen fan polityk lieder Thierry Baudet fan Forum voor Democratie en op de iepening fan in meldpunt om yndoktrinaasje op skoallen en universiteiten te rapportearjen by de partij.
De akademisy fine dat Baudet in "samenzwerings-achtige sfeer" kreëarret mei syn útspraak dat "wij" en "onze boreale wereld" worden "kapotgemaakt" en "ondermijnd" door "onze universiteiten, onze journalisten, door de mensen die onze kunstsubsidies ontvangen en die onze gebouwen ontwerpen". Baudet sei dat ferline wike yn syn taspraak nei ôfrin fan de ferkiezingen.
Se wize ek op resinte foarbylden yn it bûtenlân, dêr't universiteiten en de akademyske frijheid bedrige wurde troch de opkomst fan populistysk-rjochtse polityk.