Olde Riekerink: "Je komt nu in een fase dat ploegen zich aanpassen aan onze speelwijze"

29 mrt 2019 - 15:12

SC Hearrenfean kriget sneontejûn de nûmer 15 fan de earedifyzje op besite: Excelsior. Mei noch acht wedstriden te gean, makket Jan Olde Riekerink him klear foar in einsprint rjochting play-offs: "Je komt nu in een fase dat ploegen zich gaan aanpassen aan onze speelwijze. Dat zag je ook tegen De Graafschap en daar hadden we niet een adequaat antwoord op."

Oanfierder Stijn Schaars is it mei syn trainer iens: "Tegen De Graafschap was een sof, waarvan we als team echt een off-day hadden. Ik ga ervan uit dat dat een incident was. Ik vind dat we het publiek thuis wat meer mogen geven dan we dit seizoen gedaan hebben. Laten we beginnen met zaterdag."

Keningskoppel útskeakelje

Hearrenfean hie nei de winter in goeie searje, seis kear op rige waard der net ferlern en de lêste trije wedstriden waarden wûn. Mar yn 'e lêste thúswedstriid tsjin De Graafschap hie de ploech in folsleine off-day en waard der mei 0-3 ferlern. Dat kaam benammen omdat De Graafschap it keningskoppel Sam Lammers en Michel Vlap ûnskealik makke. En as dat slagget, dan bliuwt der net in soad oer fan dit Hearrenfean.

"De tegenstander bedenkt een plan om Michel en Sam te bespelen. Maar dat betekent dat het andere wel voor mekaar moet zijn. waardoor we daar weer het verschil kunnen maken. Tegen De Graafschap was dat gewoon onder de maat", sa seit Schaars.

Foar de wedstriid tsjin Excelsior stiet der efter de namme fan Mitchell van Bergen noch in fraachteken. De oanfaller fûl tsjin De Graafschap út mei in knibbelblessuere. Hja wie earst benaud foar in swiere blessuere, mar ferline wike die op in MRI-scan bliken dat de skea tafalt. Dochs is it noch net wis oft Van Bergen tsjin Excelsior ynsetber is. Excelsior moat it dit seizoen net ha fan útwedstriden. Twa kear stapte de ploech by in útwedstriid as winner fan it fjild, by NAC en FC Emmen. Acht kear waard der ferlern.

Kontrakt Kobayashi net ferlinge

Dizze wike waard bekend dat SC Hearrenfean net fierder giet mei Yuki Kobayashi. De Japanske middenfjilder spile trije seizoenen yn it Abe Lenstra stadion en de klup hie in opsje om it kontrakt iepen te brekken, mar hat besletten dat fanwege finansjele redenen net te dwaan. Spilers fan bûten de EU moatte minimaal in jiersalaris fan 417.000 Euro fertsjinje.

Technysk manager Gerry Hamstra: "Toen Yuki kwam, hebben we tegen elkaar gezegd dat hij hier twee, drie jaar gaat voetballen en dan de volgende stap moet gaan maken. Maar er heeft zich in die tijd geen club voor hem gemeld. Wij moesten nu de afweging maken of we de optie gingen lichten en dan kun je hem deze zomer misschien verkopen. Maar iedereen weet van de huidige financiële positie van Heerenveen."

Ek de kontrakten fan Stijn Schaars, Pelle van Amersfoort, reservedoelman Jan Bekkema en Doke Schmidt rinne ôf. En Morten Thorsby giet transferfry nei Sampdoria. Mei de 35-jierrige Schaars sil Hamstra noch wol yn petear.

Hamstra: "Een fitte Stijn is een uitstekende prof, ik denk zelfs dat dat een uitstervend ras is. We hebben die jaar verschrikkelijk veel plezier van hem gehad. We hebben met Stijn gesproken, maar hij heeft ook een leeftijd dat hij zoiets heeft: wat wil ik nog, wat ga ik doen. Hij is hier weer international geworden. We gaan binnenkort met elkaar over de toekomst praten."

Daniel Høegh, Lucas Woudenberg, Jizz Hornkamp en Jordy Bruijn spylje takom seizoen sawiesa noch by SC Hearrenfean. Hearrenfean hat de opsje lichten en is mei de lêste trije yn petear om it kontrakt te ferlingen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Excelsior
(advertinsje)