Freedsmerk: "Yn Nederlân ha wy it hartstikke goed"

29 mrt 2019 - 15:05

De ferskillen tusken tal fan groepen yn mienskip wurde grutter en de polarisaasje nimt ta, dat konkludearret it Sociaal Cultureel Planburo yn in publikaasje. En ek bin de pessimisten wer yn de mearderheid en wurde benamme de social media sjoen as oarsaak. Op de Ljouwerter freedsmerk wûn it optimisme it dus, al waard ek dêr wiisd op it negative effekt fan sosjale media.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oer de polarisaasje dêr't it SCP it oer hat, hat ien fan de besikers wol wat te sizzen. "Dat polariseren dat komt omdat er mensen zijn die daar hun verdienmodel in zien. En in plaats dat ze hun energie en tijd steken in het bij elkaar brengen van mensen, drijf je ze uit elkaar. Want het is veel leuker om een leider van een groepje te zijn dan een prediker van integratie." En it negative effekt fan sosjale media kinne minsken ek wol ynkomme: "Freeslik hoe't se dêr mei modder goaie! Of nee, net mei modder, mei stront!"

De measte besikers snappe net út it ûndersyk blykt dat it tal pessimisten grutter is. "Yn Nederlân ha wy it hartstikke goed. Der falt altyd wol wat te klaaien", seit in besiker fan de freedsmerk. "Ik ha it best nei it sin", seit in oar.

"Jo moatte de fyzje krekt boppe de hoarizon delsette, dan stoarte je ek net del. As je in probleem tsjinkomme, dat is dan in probleem, der moatte je mei dealen en wer fierder gean", seit in oar. "Foaral posityf yn it libben stean."

It optimisme wûn dochs op de Ljouwerter merk.

René Koster op de Freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk SCP pessimisme
(advertinsje)
(advertinsje)